Sulver Marije Kampen

23 aug 2007 - 21:15
Foto: Omrop Fryslân

De Yngling-sylsters Renee Groeneveld, Annemieke Bes en Marije Kampen binne op de olympyske testwedstriden foar de kust fan it Sineeske Qingdao twadde wurden. Marije Kampen fan Starum hie mei har team in min begjin yn de medalje-race, want se gongen te betiid oer de startline.

Troch hiel goed te silen waarden se dochs noch tredde en yn de einstân waard it sulver helle. It team fan de Ingelske Sarah Ayton waard einwinner.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)