Tryst ein Ronde fan Boalsert

23 aug 2007 - 20:53
Foto: Omrop Fryslân

De Ronde fan Boalsert waard tongersdeitejûn nei in healoere stillein. In âldere ynwenster fan de stêd dy't nei de hurdfytsers seach, waard net goed. De frou ferstoar op it plak dêr't hja net goed waard.

It pleatslike komitee en de sjuery namen doe it beslút: we hâlde dermei op. De 90 hurdfytsers wiene it dêr folslein mei iens.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)