Winners Relyprizen bekend

23 aug 2007 - 18:42

Edwin de Groot fan Aldehaske hat dit jier de Rely Jorritsmapriis foar it beste Fryske fers wûn. Hy krijt de priis foar syn fers 'yn it omgean'. De priis foar it bêste ferhaal giet dit jier nei Froukje Postma fan Burchwert, foar har ferhaal 'maitydsskildering'.

It prizejild wurdt beskikber steld troch it Rely Jorritsma fûns, dat ynsteld is op grûn fan it testament fan Rely Jorritsma. De útrikking is 6 oktober yn it tsjerkje fan Bears.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)