Beekhuis nei fuotbalynterlân

23 aug 2007 - 17:54

Cynthia Beekhuis, spylster fan SC Hearrenfean, is troch bûnscoach Vera Pauw oproppen foar de ynterlân tsjin Wales kommende snein. Beekhuis is de tredde spylster fan Hearrenfean by it Nederlânsk alvetal. Earder waarden Atty Eelkema en Sherida Spitse al selektearre.

De ynterlân tsjin Wales jildt as kwalifikaasje foar it EK yn Finlân yn 2009. Oranje moat winne om noch kâns op pleatsing te meitsjen

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)