Garnalefiskerij draait goed

Garnalefiskers op 'e Waadsee meitsje goede tiden troch. De measten hawwe no al hast it tal kilo's út see fiske dat se foar it hiele jier ôfpraat hiene. De priis is op 't heden ek heech: mear as 4 euro de kilo. De oarspronklik ôfprate minimumpriis is 2,75 de kilo.
In skoft ferlyn gie it net goed yn 'e garnalefiskerij. De prizen wiene leech, mei fanwege de boete fan de NMa foar ferbeane priisôfspraken.