Glas bûnscoach Frankryk

Arend Glas
Arend Glas wurdt bûnscoach fan de Frânske bobsliders. De âld-Jouster(38) tekenet in full-time kontrakt foar trije jier oant de winterspelen fan 2010 yn it Kanadeeske Vancouver.
Fanwege syn nije baan hâldt Glas definityf op mei syn aktive karriêre as bobslider. Oant no ta boarte hy noch hieltyd mei de gedachte om him sels te pleatsen foar Vancouver. Dat is no fan de baan. Glas die earder mei oan de spelen fan 2002 en 2006.