Karfol boadskippen stellen

23 aug 2007 - 10:55

In man en in frou binne woansdei op it Drachtsterplein yn Ljouwert oanhâlden foar stellerij út in winkel, bedriging en mishanneling. Se hiene yn Burgum in karfol boadskippen meinaam sûnder te beteljen en in personielslid dêrby bedrige. Dêrnei hiene se ek noch in automobiliste yn Goutum bedrige en har auto skansearre.

De Ljouwerters fan 40 en 24 jier binne oerbrocht nei it plysjeburo. Harren auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)