Reuzebadein giet nei Ingelân

De reuzebadein fan keunstner Marga Houtman út Warns giet moarn op transport nei it Ingelske Cornwall. De Mem fan alle badeinen sil dêr op syk nei de badeinen dy't sûnt 1992 oer de oseanen dobberje. Yn dat jier rekke in Sineesk skip 20.000 eintsjes kwyt by in stoarm. Sûnt dy tiid folgje oseanografen de einen om mear te learen oer de seestreamingen.
De ferwachting is dat de einen dit wykein oanspiele yn Ingelân.