'Utwreiding haven te stadich'

22 aug 2007 - 16:54

De beslútfoarming oer in fierdere útwreiding fan de haven fan Harns duorret te lang. Dat fynt direkteur Siem Jansen fan de NOM, de Noordelike Ontwikkelings Maatschappij. Trije jier lyn is de haven útwreide mei 50 bunder. De helte dêrfan is no ferkocht, en de oare helte is al fierhinne fersein. Foar in fierdere útwreiding binne wol plannen, mar mear ek net. En dat moat al, fynt Jansen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)