Plak nije byb Bilgaard bekend

22 aug 2007 - 14:53

De nije bibleteek fan de wyk Bilgaard yn Ljouwert komt yn it appartemintekompleks dat boud wurdt op de hoeke fan de Brandemeer en de Keidam. Dat is koartlyn besluten.

De bibleteek siet earder yn it winkelsintrum Bilgaard dat in jier lyn ôfbaarnde. De nije fêstiging wurdt in bytsje grutter as de âlde. Ek komt der in systeem foar selsbetsjinning. De bedoeling is dat de bibleteek begjin takom jier iepen giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)