Pieter-Jan Postma wint
Finn-siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat tiisdei de 'Medal Race' yn Sina wûn. Der waard syld op it Olympyske wetter foar de kust fan Qingdao mei wynkrêft fjouwer en grutte golven. Postma gong foutleas oer it wetter. Yn it einklassemint koe hy de lieder Ben Ainslie net mear ynhelje.
Postma is mei it sulver wis fan dielname oan de Olympyske Spelen takom jier op itselde wetter.