Nij bedriuw nei Harns

De Harnzer haven is ideaal foar it wynturbinebedriuw
It bedriuw Polymarin Composites ferhuzet takom jier fan Hoarn nei Harns. It bedriuw makket wjukken foar wynturbines. Harns is in geskikte lokaasje om't de wjukken dan maklik per skip ferfierd wurde kinne.
Polymarin leveret wjukken oan lannen yn West-Europa, mar ek oan Turkije, de Feriene Steaten en Kanada. Der wurkje no 40 man by it bedriuw. De komst nei Harns smyt 100 nije arbeidsplakken op.