Cambuurfans lilk op Poiesz

Cambuurfans binne net sa wiis mei it moaie Feanglês...
Supermerkketen Poiesz hâldt yn Ljouwert op mei it promoatsjen fan in aksje mei SC Hearenfean-glêzen. By twa kratsjes Bavaria kinne klanten in glês fan de Feanster klub krije, mar it promoatsjen fan dy aksje falt net goed by fans fan Cambuur.
Fanwege de lilke reaksjes hat Poiesz yn Ljouwert al it promoasjemateriaal fan de kampanje fuorthelle. Direkteur Pama fan Cambuur kin him de reaksje fan guon fans wol foarstelle.