Jonge slim ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân
Yn Ychten is tiisdei in 19-jierrige jonge út Dolsterhuzen slim ferwûne rekke by in ûngelok. Foarbygongers seagen de jonge op it fytspaad njonken de Hoofdwei lizzen, by syn scooter.
De foarbygongers ha de ambulânse belle en dy hat de jonge nei it sikehûs op it Hearrenfean brocht. It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. Plysje-ûndersyk hat dat noch net ophelderje kinnen.