Rydbewizen hurdriders ynnaam

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei by snelheidskontrôles fan twa autobestjoerders it rydbewys ynnommen. De twa riden fyftich kilometer of mear te hurd.
Op de Ryksstrjitwei by Tytsjerk ride in 70-jierrige man út Feanwâlden 158 kilometer yn de oere wylst dêr hûndert tastien is. In 35-jierrige man út Frjentsjer ride op de Grinzerstrjitwei by Ljouwert 120, wylst hy mar santich mocht.