Rêdingsboaten Skier yn aksje

22 aug 2007 - 07:27
it syljacht dat fêstrûn wie (foto: KNRM Skiermûntseach)

De rêdingsboaten fan Skiermûntseach binne woansdei twa kear yn aksje west.

Moarns betiid moast in Frânsk syljacht loslutsen wurde. De skipper wie fêstrûn nei't er it roer de ferkearde kant útset hie. Hy wie skrokken fan passearende skippen.

Om sân oere moast in garnalekotter op sleeptou nommen wurde nei Lauwerseach. De kotter hie motorproblemen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)