Henrique wiis mei kontrakt

21 aug 2007 - 22:26
Paulo Henrique Carneiro Filho is tige wiis mei it kontrakt (foto Martin de Jong)

Bliid en grutsk sette de Braziliaanske spits Paulo Henrique(18) tiisdeitejûn syn hantekening ûnder in kontrakt dat him foar trije jier oan sportklub Hearrenfean ferbynt. "De ferdigeners yn de earedivyzje moatte bang foar my wêze", sei er, "want ik fyn goals meitsje it moaiste dat der is".

Henrique sei fierder dat er bliid is mei de kâns dy't er krijt 'by de klub fan Afonso Alves'. "Afonso is in foarbyld foar my."

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)