Mear dakleazen ha help nedich

© Omrop Fryslân
It tal minsken dat troch jildpine sawat op strjitte komt te stean, groeit noch altiten. It tal dak- en thúsleazen sakket, sa makke it Leger des Heils dizze wike bekind, yn it Noarden mei 17 persint.
Dy daling komt omdat der mear enerzjy stutsen wurdt yn it foarkommen dat minsken op strjitte bedarje, mar krekt dat wurk soarget foar langere wachttiden by de stichting Maatschappelijke Ondersteuning.