Ljouwert pakt drankmisbrûk oan

© Omrop Fryslân
Ljouwert moat in rezjyrol krije yn de provinsjale oanpak fan drankgebrûk by jonge bern. Dat seit CDA-riedslid Gea Dames. It kolleezje fan Ljouwert hat tiisdei besletten dat se it inisjatyf fan de CDA fraksje oppakke sillen foar in plan fan oanpak tsjin it probleem fan alkohol en jongeren.
It CDA kaam begjin fan de simmer mei sa'n foarstel omdat hieltyd mear jonge bern drinke mei alle skealike gefolgen dy't derby hearre.