Soad ôffal yn Fryske natoer

21 aug 2007 - 13:56

Natoerbehearder Natuurmonumenten komt geregeld in bysûnder soad ôffal tsjin yn de natoer fan Súdeast-Fryslân. Dat seit Martin Snip fan dy organisaasje. By de Slotpleats yn Bakkefean lizze faak in soad blikjes fan jongerein.

Ek wurdt der geregeld in soad ôffal stoart. Yn it Fochtelderfean wurde sels karfollen ôffal troch frijwilligers út it gebiet helle. Ek is der oerlêst fan minsken dy't de natoer brûke as húske.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)