Goes troch de kop sketten

20 aug 2007 - 17:21

Wer in djiptepunt fan bistemishanneling ôfrûne wykein: in goes mei in pylk troch de kop.

Sels de meiwurkers fan de Fûgelhelling yn Oerterp seagen frjemd op doe't se hearden dat op 'e Gordyk in goes besketten wie mei in krúsbôge en de pylk dêrby yn it kopke fan de fûgel sitten bleaun wie. Lokkich foar it bist, dy't de nammme Willem Tell krigen hat, koe de pylk sûnder fierdere gefolgen ferwidere wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)