Futsal Ljouwert wurdt Cambuur

© Omrop Fryslân
De Futsal Club Ljouwert feroaret syn namme yn 'Futsal Cambuur'.
It is foar it earst yn Nederlân dat in betelle fuotbalklup yntensyf gearwurkje sil mei in sealfuotbalklup. De KNVB hat de nammeferoaring goedkard. It is de bedoeling dat de hiele organisaasje fan Futsal Club Ljouwert opgiet yn Cambuur. Der sil spile wurde yn de hal njonken it Cambuurstadion.