HCL ticht troch ferhuzing

20 aug 2007 - 10:25
Foto: Omrop Fryslân

It Histoarysk Sintrum Ljouwert, it HCL, ferhuzet moandei nei de nije lokaasje oan de Grienewei yn de stêd.

De hiele operaasje nimt seis wike yn beslach. Sa lang is it sintrum ticht. Fragen wurde noch wol ôfhannele oer de e-post. Op 2 oktober giet it nije gebou iepen .De nije lokaasje is in stik rommer. Der sille dan ek oare aktiviteiten hâlden wurde, lyk as útstallings en edukative projekten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)