Stienzer sakket troch dak
In jonge fan 15 jier út Stiens is sneintejûn ferwûne rekke neidat er yn syn wenplak troch it dak fan in loads fallen wie.
It slachtoffer rûn oer it dak en sakke der ynienen troch. Hy rekke ferwûne oan syn gesicht en rêch. Hy is oerbrocht nei it sikehûs fan Ljouwert.