Brân by jachtwerf De Vries

20 aug 2007 - 09:18

By jachtwerf De Vries yn Makkum, it eardere Amels, hat moandeitemoarn brân west yn de loads. Der wurdt in 52 meter lang jacht boud.

It isolaasjemateriaal fan de wand fan de loads is yn de brân rekke, nei alle gedachten troch laskwurksumheden. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. It jacht hat gjin skea oprûn. Yn de loads sil moandei net mear wurke wurde, omdat alles opromme wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)