Gaseksploazje op skip Boalsert
By in gaseksploazje op in skip yn Boalsert binne sneintejûn in man en in frou ferwûne rekke. De eigner(69) fan de boat soe kofje sette, mar by it oanstekken fan it gas ûntplofte de hiele boat.
Beide oanwêzigen út Ljouwert en Wânswert koene sels út de boat komme. De 63-jierrige frou is oerbrocht nei it brânwûnesintrum yn Grins.