Unrêst yn Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean binne snein betiid fjouwer minsken oanhâlden troch de plysje. By in kafee oan de Fleismerk seach de plysje dat in 19-jierrige ynwenner fan Aldskoat immen in traap yn 'e rêch joech. De jonge waard oanholden.
Letter yn de nacht waard op de Koornbeursweg in 22-jierrige man út St.Jansgea troch omstanners bedrige fanwege it brûken fan pepperspray. Dêrby hold de plysje trije man oan.