Schuil/Nummerdor kampioen

19 aug 2007 - 13:55
Richard Schuil: Nederlânsk kampioen beachvolleybal

Richard Schuil fan Ljouwert is snein mei Reinder Nummerdor Nederlânsk kampioen beachvolleybal wurden. Op it strân fan Skeveningen wûn it duo mei twa kear 21-19 fan Boersma/Ronnes.

Schuil/Nummerdor krige dêrmei in moaie revanche foar de nederlaach by de Dutch Masters, ferline wike. Doe ferlear it duo fan Boersma/Ronnes. Yn de heale finale yn Skeveningen hiene Schuil en Nummerdor de titelferdigeners al útskeakele.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)