'Mear parkearplak by nijbou'

© Omrop Fryslân
De bou fan acht nije wenten yn it sintrum fan de Lemmer giet net troch as der net op syn minst 14 parkearplakken by komme. Dat seit de gemeente. Der is te min parkearromte yn it doarp en mei de nije wenten soe dat allinnich mar slimmer wurde.
It nijbouplan foarsjocht yn acht nije parkearplakken, mar dat fynt de gemeente te min. Der moat earst in oplossing komme foar it parkearen, foardat der boud wurde kin.