Seisklapper Harkemase Boys

18 aug 2007 - 17:44

Harkemase Boys hat de earste wedstriid yn it amateurbekertoernoai mei 6-0 wûn fan FVC. By rêst wie de stân al 4-0. Twaddeklasser FVC kaam der net oan te pas. De Boys degradearden ferline jier út de haadklasse mar spilen mei fjouwer nije spilers in goeie wedstriid.

Nijkommer Oebele Schokker makke twa goals. Ek de nijkommers Martijn Barto en Roel van der Meulen skoarden. Yeni en Slager makken de seis kompleet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)