Winst nei partoer Dijkstra
De finale fan de frije formaasjepartij frouljuskeatsen sneon yn Goaiïngea is wûn troch it partoer fan Géjanne Dijkstra, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema. Se fersloegen Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra mei 5-3 en 6-4.
De lytse preemje wie foar Linda Terpstra, Ingrid de Haan en Miranda Scheffer. Kommende woansdei is de frouljus-PC yn Weidum.