Soad dravers foar fiskerijrin

18 aug 2007 - 10:25

Der is dit jier in soad belangstelling foar de fiskerijdagerin yn Harns. De prestaasjerin wurdt 29 augustus organiseard troch Sportferiening Fryslân. Oare jierren wiene der sa'n 150 dielnimmers, der wurde no 200 hurdrinners ferwachte.

Der kin 5, 10 of 21 kilometer rûn wurde. De âldste dielnimmer is de hast 85-jierrige Wybren Visser út Harns. De wedstryd is diel fan de fiskerijdagen dy't ein augustus hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)