Insula bliuwt foarearst iepen

fiskôfslach Insula
De fiskfeiling Insula fan Harns bliuwt seker oant jannewaris 2009 iepen. De eigners beslisse dan oft der genôch oanfier is fan fisk om de feiling rendabel te hâlden.
Earder is besletten ta fierdere yntegraasje fan de fiskfeilings fan Urk en Harns. No't de oerheid mei plannen komt om fiskers út te keapjen en quota noch fierder te beheinen, is it mar de fraach at de beide feilings bestean bliuwe kinne.