Brinkman stoppet mei folleybal

17 aug 2007 - 16:13

Erna Brinkman set in punt achter har lange folleybalkarriêre. De topfoljebalster wol mear tiid hawwe foar oare dingen. Brinkman begûn har karriêre by it Snitser Olympus. Fia ûnder oare Dútslân, Brazilië, Japan en Itaalje kaam se ferline seizoen telâne yn Ruslân. Dêr spile se foar Sint Petersburg yn 'e heechste divyzje en einige se yn de middenmoat.

Erna Brinkman hat 333 ynterlâns spile foar it nasjonale team.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)