Amazone-besite op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
Skarsterlân krijt nije wike besite fan in boargemaster út Amazonegebiet yn Brazilië. It giet om frou Aricelia út de stêd Laranjal do Jari. Sy komt op wurkbesite. Se sil in besite bringe oan ûnderwiisynstellings en is fierder ek ynteresseare yn de wettersuvering op 'e Jouwer.
De besite fan de boargemaster is in gefolch fan in Jouster stifting dy't kontakten ûnderhâldt mei de stêd Laranjal do Jari.