AMK Ljouwert makke flater

© Omrop Fryslân
Advies- en Meldpunt Kindermishandeling AMK yn Ljouwert hat by fersin de nammen fan fjouwer anonime melders fan bernemishanneling trochjûn oan de âlden dy't fan bernemishanneling fertocht wurde. Dit die bliken by de rjochtsaak fan de fan mishanneling fertochte âlders tsjin de melders.
De âlders easken yn in koart pleit tsjin de melders in bedrach fan 1500 euro oan smartejild. De eask waard troch de rjochter ôfwiisd.