30 kilometer tried stellen

17 aug 2007 - 10:52

Op in bouterrein oan de Jansoniusstrjitte yn Ljouwert is yn de boufak foar 27.000 euro oan boumaterialen stellen.

It giet om 30 kilometer elektrisiteitstried. Ek is der materiaal fernield by it fuortheljen fan de tried út de nijbou. In 41-jierrige ynwenner út Drachten hat oanjefte dien. De plysje is op syk nei tsjûgen dy't yn de ôfrûne wiken wat bysûnders sjoen hat rûn om it bouplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)