Plysje siket eigners sieraden

17 aug 2007 - 10:10

De plysje is op syk nei de eigners fan sieraden, dy't fûn binne by twa ynbraakfertochten.

De fertochten binne 20 en 31 jier âld, de plysje tinkt dat se op syn minst tsien kear ynbrutsen hawwe op ferskate plakken yn Fryslân. De twa binne troch tsjûgen sjoen by in ynbraak yn Drachten. Oan de hân fan sinjalemint en it kenteken fan 'e auto koe de plysje de fertochten yn Ljouwert op 'e die betraapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)