Fandalisme fêstlein op fideo

17 aug 2007 - 06:51
Van der Veen fan 'e C1000 yn Hurdegaryp

Op Wâldnet en GeenStijl.nl stiet in filmke fan in bewakingskamera fan supermerk C1000 yn Hurdegaryp dêr't op te sjen is dat in jongen in winkelkarre troch de doar fan winkel smyt.

Op de fideo is dúdlik te sjen dat in tal jonges yn de nacht fan woansdei op tongersdei har foar de supermerk oan de Fuormanderij ophâlde. Se swaaie mei in flagge en úteinlik rydt ien fan de jonges in winkelkarre troch de doar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)