Brân kruser troch koartsluting

© Omrop Fryslân
De brân op de kruser by Broek fan ôfrûne tiisdeitemoarn is nei alle gedachten ûntstien yn de elektryske ynstallaazje. Yn de boat siet in apparaat dat der foar soarget dat de spanning út 'e akku omfoarme wurdt nei 230 volt. Dat tinkt de plysje.
By de brân kaam in 10-jierrige jonge út Swolle om it libben. Syn pake en beppe rekken ferwûne. De pake leit noch hieltyd yn kritike tastân yn it brânwûnesintrum fan Grins.