Man komt om by auto-ûngelok

It plak fan it ûngelok yn Snits (foto Jan Douwe Gorter)
By in slim auto-ûngelok yn Snits is tongersdei in man fan De Hommerts (38) om it libben kommen. It ûngelok barde op de Boalserterwei. De man kaam út it sintrum wei en bedarre op de ferkearde kant fan de dyk tsjin in lantearnepeal en in túnmoarre.
De helptsjinsten wiene der gau by, mar koene gjin help mear biede. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje ûndersiket noch wat der krekt bard is.