Tros muzykfeest by Aldehou

16 aug 2007 - 11:16

It Grootste Muziekfeest van Nederland fan 'e Tros komt 31 augustus nei Ljouwert. It plein by de Aldehou is it dekôr fan it feest dat live op Nederlân 1 te sjen is. Tagelyk is der ek sa'n spektakel yn Haarlim en Maastricht, sadat it hiele lân yn it teken stiet fan it feest, seit de Tros.

Artysten dy't optrede sille binne ûnder oare Marianne Weber, LUV, Jannes, Thomas Berge en Corry Konings. Jan Smit presintearret it muzykfeest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)