Minder pine foar poppe by prik

© Omrop Fryslân
Lytse poppen op de kûveuse-ôfdieling fan sikehûs MCL yn Ljouwert kinne sûnt koart prikt wurde mei folle minder pine as earst Dat komt omdat se in lyts bytsje sûkeroplossing yn de mûle krije. Dat soarget derfoar dat se wer gauwer rêstich binne, nei in hakkeprik of in sonde.
De bernedokters fan it MCL hawwe dit ynfierd, neidat se der oer lêzen hiene yn in fakblêd. It is noch net gongber yn Nederlânske sikehûzen.