Ynbraak binnen in dei oplost

16 aug 2007 - 10:06

De plysje hat yn Noardwâlde binnen in dei in ynbraak oplost. In frou(26) ûntduts moandei dat der by har yn 'e hûs ynbrutsen wie, der wie in soad guod fuort. De plysje stelde daliks in ûndersyk yn en koe al deselde jûn in man(30) út it doarp oanhâlde.

Hy fertelde dat er tegearre mei in oare man ynbrutsen hie. Dy twadde fertochte(26), ek út Noardwâlde, is ek oppakt. It measte stellen guod is wer by de rjochtmjittige eigner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)