Eigner bommelding-tas fûn

16 aug 2007 - 09:43

De saak fan de ûnbehearde tas op it stasjon fan it Hearrenfean is oplost. De eigner hat him by de plysje melden. De fynst fan de tas soarge tiisdei foar in soad opskuor: it stasjon waard ûntromme en it treinferkear lei stil.

De eigner is in Hearrenfeanster(39), dy't mei in soad bagaazje werom kommen wie fan fakânsje út Iran en ien tas op it stasjon fergetten hie. De plysje hat it ûndersyk nei it ynsidint mei de wite tas hjirmei ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)