Ferkearsmaleur De Lytse Jouwer

© Omrop Fryslân
Yn De Lytse Jouwer yn Dongeradiel binne mear ûngelokken bard nei de oanlis fan ferkearsdrompels. Dat seit de FNP yn Dongeradiel. De drompels binne oanlein om it ferkear yn it doarp feiliger te meitsjen, mar de FNP is skrokken fan de útfiering.
Der soene te min warskoegingsboerden by de drompels stean en dêrtroch ha der al ferskate ûngemakken west, seit de FNP. Sels fytsers soene lest hawwe fan de ferkearsdrompels.