Lieuwe Westra fjirde op NK

15 aug 2007 - 22:38

Lieuwe Westra is woansdeitejûn fjirde wurden op it Nederlânsk kampioenskip tiidriden yn Zaltbommel. De hurdfytser fan Mûnein waard dêrmei de bêste hurdfytser sûnder kontrakt. Foar him einigen trije beropshurdfytsers.

Stef Clement waard krekt as ferline jier kampioen. Michiel Elijzen waard twadde, Rick Flens tredde. Maint Berkenbosch fan Aldeberkeap waard tsiende en Jenning Huizenga fan Frjentsjer trettjinde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)