Skylger lanseart speedboat

© Omrop Fryslân
In Skylger (22) is moandeitejûn mei in speedboat tsjin in dyk fard op de Alkmaardermar. De man koe net mear op tiid foar de dyk remje en fleach der yn folle feart tsjinoan. De boat bedarre seis meter fjirder yn in sleat. De fjouwer ynsittenden rekken allegear net ferwûne.
De Skylger dy't oan it roer siet, wie de ienige fan de groep dy't nochter wie. Hy hie lykwols gjin farbewys en wist net hoe't de boat wurke.