Database Antillianen mei net

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert mei gjin database mei Antilliaanske probleemjongeren oanlizze. Ljouwert wie al begûn mei sa'n list, mar moat dêr no fan de rjochter mei ophâlde. It oerlisorgaan Caribische Nederlanders hie in koart pleit oanspand tsjin de database.
De rjochter is it mei it oerlisorgaan iens dat de Verwijs Index Antillianen, sa't de database hjit, ûnderskied makket op grun fan ras, en dat is yn striid mei de grûnwet.