Friezen fjirde op NK tiidriden

© Omrop Fryslân
Jurjen de Vries fan De Lemmer is by it Nederlânsk kampioenskip tiidriden yn Zaltbommel fjirde wurden. Hy die dat yn de kategory nijelingen. De Vries lei it parkoers fan 17 kilometer ôf yn in tiid fan 22.24. Hy hie in efterstân fan 1.23 op de winner, Barry Markus fan Hoofddorp.
By de famkes nijelingen waard Yvonne Nauta fan Twellingea ek fjirde. Sy hie in efterstân fan 1.35 op winnares Winanda Spoor.